Proef mei PDA wurdt stopset

31 okt 2005 - 16:05

In proef mei in apparaat wêrmei't de plysje ûngelokken better registrearje kin (PDA), wurdt earst stopset. Der binne mar leafst 127 punten wêrop it apparaat noch ferbettere wurde kin.

It apparaat is in hiel lyts kompjûterke dêr't de gegevens oer in ûngelok op ynfierd wurde kinne. Dy gegevens kinne dan fuortdaliks keppele wurde oan oare gegevens. De proef waard hâlden op It Hearrenfean, De Jouwer en De Lemmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)