Koningsbrêge Harns wurdt opknapt
Rykswettersteat is moandeitemoarn om sân oere begûn mei it opknappen fan de Koningsbrêge by Harns. Fan de brêge moatte ûnder oare alle bouten ferfong wurde.
It wurk duorret oant nije wike moandeitemoarn. Oant dy tiid is de brêge ôfsletten en moat ferkear omride oer Boalsert. Ek foar de skipfeart jilde der beheinings by de Koningsbrêge by Harns.