CNV is lilk op belestingtsjinst

31 okt 2005 - 14:30

Fakbûn it CNV is lilk oer de wize wêrop de belestingtsjinst yn Ljouwert 450 útstjoerkrêften ynhierd hat. De minsken wurkje dêr yn ferbân mei de ynfier fan it nije soarchstelsel. Der wie harren in folsleine baan tasein mar se wurkje mar in pear oeren yn de wike.

Sommige minsken ha har foarige baan opsein foar dit wurk en binne no slim yn de problemen kaam. It CNV wol mei de útstjoerburo's om tafel. As dat neat opsmyt stappe se nei de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)