Ljouwerter (22) berôve fan beurs

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert is snein it slachtoffer wurden fan in strjitrôf. De man rûn yn syn wenplak troch de Bagijnestrjitte doe't er op de hoeke fan de Nieuwesteeg in groepke fan fiif manlju tsjinkaam.
Even letter kamen trije fan har him efternei. Ien fan de manlju gong foar him rinnen wylst twa efter him bleaunen. Ynienen waard er fêstpakt en krige er in klap op 'e holle. Hy moast syn beurs ôfjaan. Hy hat oanjefte dien.