Televyzjesearje oer Kameleon

© Omrop Fryslân
Njonken twa films komt der ynkoarten ek in televyzjesearje oer de Kameleon- twaling Hielke en Sietse. Regisseur Steven de Jong is dêroer yn ûnderhanneling mei de nije kommersjele stjoerder Talpa.
Neffens De Jong binne beide partijen tige entûsjast oer it idee en is allinne de finansjele kant noch net rûn. Sûnt maaie draait de twadde Kameleonfilm yn de bioskoop en oant no ta ha der 400.000 besikers west.