Snitser foljebalfroulju ferlieze

30 okt 2005 - 14:45
Foto: Omrop Fryslân

De foljebalfroulju fan Snits ferlearen de thúswedstriid tsjin Longa '59 kânsleas mei 0-3. Ek trener Olof van der Meulen wie dúdlik oer it ferlies tsjin de kampioen fan foarich jier: Longa wie in maatsje te grut foar de Snitser froulju.

Troch dit ferlies stiet Snits no op in achtste plak yn de earedivyzje. Oer twa wike spylje de Snitser foljebalfroulju tsjin VC Weert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)