Twa deaden by ûngelok

30 okt 2005 - 12:49

By in slim ûngelok by Wynjewâld binne freedtejûn twa minsken om it libben kaam. Twa oaren rekken slim ferwûne. Op de N381 tusken Drachten en Donkerbroek rekken twa auto's inoar fol yn in bocht. Ien auto rekke dêrby yn de sleat.

It ûngelok soarge foar in grutte ravaazje. De dyk hat oeren lang ôfsletten west foar it ferkear. De N381 by Wynjewâlde is in donker stik dyk dêr't yn it ferline faker ûngelokken bard binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)