Ingelse jacht yn Sint Nyk

© Omrop Fryslân
De Sint-Nykster slipjacht moat útgroeie ta in tradysje. Dat fine de inisjatyfnimmers fan de earste Fryske slipjacht, sneon yn Sint Nyk.
Sa'n fyftich ruters út it hiele lân wei sammelen har sneon foar de 'Hunt', sa as dat yn faktaal hjit. Yn Ingelân leit dizze tak fan sport ûnder fjoer omt se dêr op echte foksen jeie. Yn Nederlân mei dat net en komt der gjin foks oan te pas. Yn Sint Nyk waard jage op in slip, in dweil mei de rook fan foksen.