Museum moat ynternasjonaler

© Omrop Fryslân
It nije Fries Museum moat him ek ynternasjonaal profileare. Dat is de reaksje fan direkteur Van 't Veen op it plan fan deputearre Mulder. Dy wol dat it museum twatalich wurdt, Frysk en Nederlânsk. Van 't Veen wol it museum in ynternasjonale útstrieling jaan.
Van 't Veen kin him oer it generaal goed fine yn Mulder syn fisy, dy't bestiet út in nij museum op It Saailân, in nij depot bûten Ljouwert en it ferkeapjen fan it âlde museum.