Sykaksje nei fermiste frou
De plysje Fryslân siket al sûnt freed mei hûnen en dûkers nei in fermiste frou yn it van Harinxmakanaal by Koatstertille. De melding fan de fermissing kaam freed tsjin fiif oere binnen by de plysje.
De auto fan de fermiste frou is fûn by de brêge fan Koatstertille. Nei it finen fan de auto waard alarm slein en is de sykaksje op tou set. De plysje hat yntusken in ôfskiedsbrief fan de frou fûn.
Trefwurden:
argyf