Cambuur ferliest fan Volendam
Cambuur hat sneintemiddei gjin punten helle yn de Gouden Gids-divyzjewedstriid tsjin Volendam. Yn de earste helte skoarde Abdelhali Chaiat 1-0 foar Volendam. Cambuur krige yn de earste helte hast gjin kânsen.
Nei rêst kamen der mear kânsen, mar Cambuur wist net te skoaren. Yn blessueretiid skoarde Jeroen Ketting de 2-0 foar Volendam. Cambuur-spiler Koen Brack rûn noch in brutsen noas op en gong út de wedstriid.
Trefwurden:
argyf