CNV lilk op belestingtsjinst

29 okt 2005 - 16:18
Foto: Omrop Fryslân

Fakbûn CNV is lilk op de belestingtsjinst yn Ljouwert. De tsjinst hat op it stuit 450 minsken fia it útsendburo oan it wurk yn ferbân mei de ynfiering fan it nije soarchstelsel.

De minsken wie in folsleine baan tasein, mar ha dy net krigen. Yn de measte gefallen giet it mar om in pear oere wurk yn de wike. Guon minsken dy't har foarige baan opsein ha foar dizze binne slim yn de problemen kaam. It CNV slút in rjochtsaak net út.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)