Gjin wissichheid foar Yildirim

29 okt 2005 - 13:38

Bûnskoach Marco van Basten kin Hearrenfeanspiler Ugur Yildirim gjin wissichheid jaan oer syn rol by it Nederlânsk alvetal. Yildirim hie dêr nei frege omdat hy in dûbel paspoart hat en ek foar Turkije útkomme mei.

Turkije spilet ynkoarten in tsjin Switserlân om in plak op it WK takom jier yn Dútslan. Yildirim keas earder foar it Nederlânsk alvetal. Mar omdat hy noait mear oproppen wurdt twivelet er wer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)