Triedleaze ynternetters dupearre

© Omrop Fryslân
Tsientallen brûkers fan triedleas ynternet yn Fryslân kinne de dupe wurde fan it fallisemint fan ynternetprovider Introweb út Hengelo. Guon hawwe al hûnderten euro's foarútbetelle. Introweb hat al wer in trochstart makke, mar leveret gjin triedleas ynternet mear. Yn Fryslân meitsje noch tusken de 150 en 200 minsken yn benammen Aldegea (W), Bakkefean en Drachten gebrûk fan dizze ynternetfoarsjenning.