"Wêr wynmûneparken op Noardsee?"

© Omrop Fryslân
De ministers fan Natuerbehear fan Nederlân, Dútslân en Denemarken moatte ôfspraken meitsje oer wêr't wol en net wynmûneparken op de Noardsee komme moatte. Dat wolle de Waadferiening, it Dútse Schützstation Wattenmeer en de Dútse waadeilannen Borkum, Norderney en Wangeroog.
Grutte wynmûneparken yn see soene problemen opsmite. Sa stiet der ien pland ten noarden fan Skiermûntseach, dy't gefaar opleveret foar de skipfeart.