Digitaal nijs oer Fryske pop

29 okt 2005 - 12:04

Popleawhawwers kinne tenei mei in digitale nijsbrief op de hichte bliuwe fan de lêste nijtsjes út de Fryske popwrâld. De 'Freezine' komt yn kear yn de trije wiken út. It is in inisjatyf fan it Fries Popnet.

De nijsbrief wurdt nije wike yn Ljouwert lanseard. Dat bart mei optredens fan ferskate bands, ûnder oare Robotobibok út Poalen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)