Unbekend fleantúch ûnderskept
Twa F-16's fan de fleanbasis Ljouwert ha tongersdeitejûn boppe Frjentsjer in ûnbekend fleantúch ûnderskept.
It tastel wie it Nederlânsk loftrûm ynflein, mar de piloat hie gjin radiokontakt makke. Dêrnei kamen de Ljouwerter F-16's yn aksje om it tastel te identifisearen. It gie om in Cessna út Luxemburch, dy't ûnderweis wie fan Noorwegen nei Parys. Neidat it fleantúch troch de F-16's ûnderskept wie, is it radiokontakt wersteld.
Trefwurden:
argyf