Fyzje Fries Museum freed bekend

28 okt 2005 - 13:50

Deputearre Mulder presenteart freedtemiddei it fyzjedokumint oer it nije Fries Museum. Op grûn dêrfan moatte de steaten yn novimber beslute oft de provinsje meibetellet oan de nijbouplannen op it Saailân yn Ljouwert.

De steaten binne der bot ferdield oer. It CDA is tsjin en de VVD freget him ôf wat de plannen binne op de nije lokaasje. Grutste opposysjepartij FNP is foar de ferhûzing fan it Museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)