Yildirim langer by Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-spiler Ugur Yildirim hat syn kontrakt mei trije jier ferlingd. De 23-jierrige oanfaller hie in kontrakt oant 1 juli 2007. Dat is no iepenbrutsen en ferlingd oant 1 juli 2010.
Yildirim is dwaande mei syn twadde seizoen by Hearrenfean. Dêrfoar kaam hy út foar GoAhead Eagles. Hy skoarde oant no ta njoggen goals foar Hearrenfean yn 43 wedstriden.