Etalaazje-aksje: 5.000 euro

28 okt 2005 - 13:26

De etalaazje-aksje fan twa leden fan studinteferiening Wolwêze yn Ljouwert hat 5.000 euro opsmiten. It jild is bedoeld foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Pakistan.

Harry Postma en Bonny Vermeesch binne moandei yn de etalaazje sitten gien fan har studintesoasjeteit oan it Vliet. Se binne der tongersdeitenacht wer útgien. It wie dreech, foaral mei de waarmte fan de ôfrûne dagen, mar úteinlik is it fluch gien, sizze de twa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)