Bliid mei ferlizzen seediken

28 okt 2005 - 11:54

Flylân, Skylge en It Amelân binne bliid mei it advys fan de kommisje Poelmann dat de seediken ferlein wurde meie. It betsjut dat der mear huzen boud wurde kinne. Dêr is in soad ferlet fan, foaral op Skylge. Alle besteande huzen komme binnen de seediken te lizzen. Dat is no yn West en Flylân net it gefal.

Wethâlder IJnsen fan It Amelân tinkt dat foaral de rekreaasje op syn eilân profiteare kin fan de maatregel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)