Noch gjin bon foar FRL-stikker

© Omrop Fryslân
De plysje hat oant no ta noch gjin bonnen útdield oan minsken dy't ynstee fan it NL-logo it FRL-logo op har nûmerplaat plakt ha. De plysje jouwt dêr ek gjin prioriteit oan. Offisjeel meie je sokke stikkers net op je nûmerboerd plakke. Sa'n 1500 minsken ride mei in FRL-logo op har auto.
De stikkers wiene earst allinne fia ynternet te krijen, mar binne yntusken ek te keap by winkels yn Ljouwert, Snits en it Hearrenfean.