Hearrenfean op oarlochssterkte

Hearrenfeantrainer Ron Jans kin mei de sterkst mooglike opstelling út ein sette oan it kompetysjeduel mei PSV. Ferdigeners Daryl Janmaat (knibbel) en Michel Breuer (ljisk) dy't ferline wike tsjin Excelsior noch oan de kant bleaune, binne der tsjin de Eindhovenaren wer by. De earder sike Viktor Elm is ek wer fan de partij.
Twadde doelman Kenny Steppe hat yn it duel mei de beloften tsjin Jong Sparta (2-0) in swiere ankelblessuere oprûn. Hy wurdt op de bank ferfongen troch tredde doelman Jurjen Wouda.