Paas (CNV) op besite by Esonstêd

28 okt 2005 - 09:51

De nije foarsitter fan it fakbûn CNV, René Paas, wie tongersdei op wurkbesite yn Fryslân. Hy seach by it miljoeneprojekt Esonstêd by Eastmahorn op de wurkflier. As lêste ûnderdiel fan de wurkbesite waarden de boufakkers in skoft bypraat oer de nije CAO.

De CNV-foarsitter wol eins trije kear yn 'e moanne de wurkflier op. Paas is de opfolger fan Doekele Terpstra en wie hjirfoar jierren wethâlder fan de stêd Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)