Frouljushanneler twa jier sel yn
In 35-jierige Bulgaarske frouljushanneler hat fan de Ljouwerter rjochter twa jier sel krigen foar it ferhanneljen fan seis Easteuropeeske froulju. Ek hat de man de froulju mishannele en ferkrêfte. De rjochtbank sei yn syn fonnis dat de man him skuldich makke hat oan de slimste foarm fan moderne slavernij.
Ek de belêstingstsjinst wie oanwêzich om't dy troch de man mooglik ek foar tonnen euro's oplichte is.
Trefwurden:
argyf