'Ried tafersjoch moat ek fuort'

27 okt 2005 - 22:18

Nei it opstappen fan it bestjoer fan Cambuur moat ek de ried fan tafersjoch opstappe. Dat fynt foarsitter Jelle Monsma fan de supportersferiening. Neffens him hat de ried fan tafersjoch de finansjele situaasje fan de klub net goed genôch yn de gaten hâlden.

In hielendal nij bestjoer, mei mooglik âld-foarsitter Jan Riedstra oan it haad, moat neffens Monsma oarder op saken stelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)