Alle dokters nei sikehûs Dokkum

© Omrop Fryslân
Alle húsdokters yn Dokkum ferhúzje nei sikehûs Talma Sionsberg. Mei de Dokterswacht en de eigen spoedeaskjende help fan it sikehûs foarmje se aanst ien loket foar alle spoedeaskjende help en dat 24 oeren lang.
Dat is noch nergens sa regele yn Nederlân. Mooglik komt ek noch de toskedokter der by. Foar de útwreiding moat der wol wer nijboud wurde. De nije opset betsjut dat dokters mear medyske apparatuer en kennis by de hân ha.