Foarljochtingsdei op fleanbasis

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter fleanbasis hold tongersdei in foarljochtingsdei foar skoalferlitters om nije piloaten te finen en pakte dêrby grut út. Belangstellenden en har âlden mochten ferskate tastellen besjen en fotografearje.
Ek koene se in praatsje meitsje mei piloaten. Boppedat joech it F-16-demonstraasjeteam in fleanshow. De luchtmacht hat 28 nije piloaten nedich.