Oarsaak brân Febo noch ûnbekend

27 okt 2005 - 15:44

It earste ûndersyk nei de brân by de Febo yn Ljouwert hat noch neat opsmiten. Moandei baarnde de snackbar oan it Ruterskwartier ta de grûn ôf. De brân ûntstie oan de achterkant fan it gebou, mar hoe't de brân ûntstean koe, is noch hieltyd net dúdlik.

De technyske resjerzje is opnij dwaande mei in ûndersyk. De skea fan de brân is grut. Net allinne foar de Febo sels, mar ek foar de gebouwen derom hinne, lykas guon kleanwinkels en in fideoteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)