Hearrenfean lottet VVV-Venlo

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean spilet yn de achtste finale fan de Gatorade Cup thús tsjin VVV-Venlo. Dy klub is koprinner yn de earste divyzje. De Limburgers wûnen woansdei yn de twadde ronde ferrassend mei 2-1 fan FC Utrecht. Yn de ferlinging makke Luwamo Garcia de winnende goal.
De wedstriid tsjin VVV wurdt spile op 20, 21 of 22 novimber. It krekte wedstriidskema wurdt letter bekend makke.