Hobbyboeren hâlde har oan regels

© Omrop Fryslân
Hobbyplomfeehâlders yn Fryslân hâlde har goed oan de ophokplicht. Dat konstatearret de Algemene Inspectiedienst, de AID. Om de fersprieding fan de gefaarlike fûgelgriep tsjin te gean, moatte in soad hobbyplomfeehâlders sûnt moandei har bisten binnen hâlde of ôfskermje.
It giet dan om minsken mei plomfee yn de risikogebieten. De pear minsken dy't de saak noch net yn oarder ha, wurde dêr op oansprutsen.