Sponsors Cambuur stelle eask

27 okt 2005 - 00:00

De ried fan tafersjoch en de twa noch oerbleaune bestjoersleden fan Cambuur moatte opstappe. Dat hat in belangryk part fan de sponsorgroep easke.

De sponsors ha gjin fertrouwen yn de ried fan tafersjoch en de bestjoersleden. Se fiele har bedondere en binne oant no ta ferkeerd foarljochte oer de situaasje. As de lieding fan de klub net harket, hâldt de sponsoring op, seit wurdfierder Waaksma fan de groep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)