Fryske Annies komme yn TV Show

© Omrop Fryslân
Esmee de Boer út Wurdum en Marieke Swart fan St. Anne spylje foar Noard- Nederlân de titelrol yn de musikal Annie. Der binne foar hiel Nederlân 10 Annies útkeazen. Foar de foarstellings yn Noard-Nederlân binne Esmee en Marieke selekteard.
De 12-jierrige Fryske talinten binne te sjen yn de Harmonie yn Ljouwert, op 29 en 30 novimber. De lêste sneon fan oktober binne de famkes te gast by Ivo Niehe yn syn TV Show.