Jaap Stam nei Hearrenfean?

© Omrop Fryslân
AC Milan-ferdigener Jaap Stam wol oan de ein fan dit seizoen graach werom nei Nederlân. Neffens syn saakwaarnimmer, Henk van Ginkel, binne PSV en Ajax dan opsjes. Stam fynt SC Heerenveen ek in moaie klub, seit er. Mar it liket him net reëel dat Stam nei Fryslân komt.
Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde ken it ferhaal allinnich út it geruchtesirkwy. Neffens him hat hy net mei Stam praat. Dy hat noch in kontrakt by Milan oant 2007.