Natuermuseum oan kop yn striid

Natuermuseum is 'kidsproof' © Ormop Fryslân
It Natuermuseum Fryslân giet oan kop yn de race om de Nasjonale Museumpriis 2012. Der binne fjouwer musea nominearre foar de priis fan 100.000 euro. Njonken it Fryske museum binne dat it Skipfeartmuseum yn Amsterdam, it Berneboekemuseum yn Den Haag en Naturalis yn Leiden.
It publyk kin stimme op it museum dat him it bêste en meast oansprekkend rjochtet op bern tusken de fjouwer en de tolve jier. Oant no ta hat 41 persint fan de minsken stimd op it natuermuseum. Twadde stiet it Skipfeartmuseum mei 23 persint fan de stimmen.
Der kin noch oant en mei 1 april stimd wurde.