No ek APK foar fytsen

26 okt 2005 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân

Fryslân hat de primeur fan in echte Fyts-APK. Fryske fytseigners krije nije wike fia struibrieven en advertinsjes in útnoeging foar in fergese fytskeuring.

Bovag-fytsewinkels fiere dizze keuring oan 'e hân fan in checklist út. De goedkarde fytsen krije in wite reflektor oan 'e foarside. De Fyts-APK is in inisjatyf fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid en sil net ferplichte wurde krekt as by auto's.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)