Gemeente helpt Cambuur net

© Omrop Fryslân
Jan Spoelstra fan de Ried fan Tafersjoch wurdt foarearst waarnimmend foarsitter fan Cambuur. Tegearre mei de twa noch oerbleaune bestjoersleden út de perioade fan âld-foarsitter Wytze Adema is de Ried fan Tafersjoch tydlik de baas fan de betelle fuotbal organisaasje.
Yn it ferline hat de gemeente Ljouwert de fuotbalklub bysprongen mei inkele miljoenen euro's. Dat sil no net it gefal wêze seit wethâlder Hetty Hafkamp.