Bestjoerders Cambuur stappe op

26 okt 2005 - 00:00

Pier van der Sluis, de foarsitter fan fuotbalklub Cambuur hat syn ûntslach ynstjinne. Der binne op it stuit grutte finansjele problemen by de Ljouwerter klub. Sûnt augustus wie van der Sluis de foarsitter. Earder al staptte direkteur Ritske Merkus op. Njonken van der Sluis stappe noch trije bestjoersleden op.

Op de parsekonferinsje sei Van der Sluis dat ûndersyk oantoand hat dat de tekoarten folle grutter binne as tocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)