Chatte mei it callsintrum

25 okt 2005 - 16:56

Fersekerder FBTO hat de wurksumheden fan har callsintrum sûnt koart útwreide mei in chat. De callcentre-agents kinne dertroch tenei net allinne tillefoanyske fragen behannelje mar ek rjochtstreeks fia ynternet antwurd jaan op de fragen fan klanten.

FBTO is oant no ta tefreden oer de proef. Alle dagen meitsje sawat 50 minsken hjir gebrûk fan. As de proef foldocht komme der miskien wol banen by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)