Direkteurswente wurdt net sloopt

© Omrop Fryslân
De direkteurswenning op it terrein fan it eardere suvelfabryk yn Aldeboarn wurdt net sloopt. Wenningboukorporaasje Welkom sil op it terrein fan it eardere fabryk 20 wenten foar senioaren bouwe en njoggen frijsteande wenningen. Yn de âlde direkteurswenning komme trije apparteminten en in soarchstipepunt foar âlderen.
Doarpsbelang Aldeboarn en ek de gemeente Boarnsterhim woene it gebou graach behâlde en dat slagget sa dus.