Maatregels Skier tsjin fûgelgryp

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach nimt maatregels om de fûgelgryp fan it eilân ôf te hâlden. Plomfee mei net mear ferfierd wurde op it eilân. Minsken dy't foar de hobby plomfee hâlde en bûten de beboude kom wenje, moatte de fûgels ôfskermje.
Op de bernebuorkerij fan Skiermûntseach kinne minsken net mear by de piken en einen komme. Eigners fan plomfee wurdt frege it kontakt tusken hûsdieren en wylde fûgels te mijen. Deade of sike fûgels kinne meld wurde by de plysje.