Plysje set 100 man yn foar Sint

25 okt 2005 - 14:04
Foto: Omrop Fryslân

De plysje set by de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Snits goed 100 man personeel yn. Dêrby binne ek de minsken rekkene dy't de ôfsetting fan de rûte bewake en dy't helpe om it ferkear te regeljen. Neffens de plysje giet it net om in útsonderlike grutte plysjemacht; soks heart by sa'n grut evenemint.

Doe't Sinteklaas njoggen jier lyn yn Harns oankaam waarden der 70 plysjes ynset. De oankomst fan dit jier yn Snits is op 12 novimber.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)