Utstallings plomfee net ferbean

25 okt 2005 - 09:56

De trije Kleindiertentoanstellingen dy't foar it kommende wykein op it programma stean yn Fryslân, kinne ynearsten gewoan trochgean. Dat seit feterinêr saakkundige De Leeuw fan it Ministearje fan Lânbou.

Yn Brussel wurdt wol praat oer de fraach oft tentoanstellingen dêr't in soad plomfee byelkoar komt, wol trochgean meie yn ferbân mei gefaar op besmetting fan fûgelgryp. In beslút dêroer wurdt ein dizze wike ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)