Ljouwerter snackbar útbaarnd

© Omrop Fryslân
De FEBO-snackbar oan it Ruterskwartier yn Ljouwert is sneintenacht folslein yn flammen opgien. De brân waard om kertier foar fjouweren ûntdutsen. De brânwacht koe net foarkomme dat de hiele snackbar ferlern gie.
Omwenners binne opfongen yn in kafee. Omlizzende gebouwen ha reek- en wetterskea oprûn. De technyske rezjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. It Ruterskwartier wie noch de hiele moarn ôfsletten.