Famke (11) bedrige mei mes

24 okt 2005 - 17:17

In 11-jierrich famke út Kollum is sneintemoarn troch in man mei in mes bedrige. It famke rûn yn in park tusken de Gerrit Bleekerstrjitte en de Harddraversbaan. De man wie earst in pear kear lâns it famke fytst en pakte har dêrnei fêst. Hy sei dat se rêstich bliuwe moast en liet it mes sjen.

It famke wist los te kommen en is nei hûs rûn. Dêr waard de plysje warskôge. Dy hat noch socht nei de man, mar neat fûn. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)