Biblioteken krije 8 fan klanten

© Omrop Fryslân
De klanten fan de biblioteken yn Noardeast-Fryslân binne tige tefreden oer hoe't se holpen wurde troch it personiel. It wurk fan de biblioteek krijt in acht, sa docht bliken út in ûndersyk.
1400 klanten hawwe har miening jûn oer ûnder oare it personiel, de kolleksje en de ynrjochting. Der wiene ek kritykpunten. De biblioteek moat fia ynternet better berikber wêze, sa fûn in tal minsken. Dêr wurdt no oan wurke.