Slaanderij yn disko Drachten

© Omrop Fryslân
Yn in diskoteek oan de Noardkade yn Drachten hat de plysje sneontenacht twa jongkeardels út Drachten en Oerterp oanhâlden fanwege mishanneling. De twa krigen spul mei in groep fan fiif jonges út Drachten en omkriten.
Sûnder direkte oanlieding begûnen de Drachtster (19) en syn maat (17) út Oerterp op de groep yn de slaan. Trije jonges binne mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Twa oaren waarden oplapt troch ambulânse-meiwurkers.