Tim Gredley wint Grutte Priis

© Omrop Fryslân
De Britse ruter Tim Gredley wûn sneintemiddei de Grutte Priis op Yndoor Fryslân. Gredley wie yn 'e barraazje de fluchtste fan 'e fjouwer finalisten. De Belch Cleeren waard twadde. Robert Whittaker waard tredde.
Whittaker ried op Nicolett 2. Dizze merje is fokt troch Hisse Bremer út Warkum. Bremer is foar it oare fral bekend troch it fokken fan Fryske hynders. Der sieten in pear hûndert minsken op de tribune.