Deadlike oanriding by Terwispel

© Omrop Fryslân
Op de paralleldyk fan 'e Koaibosk by Terwispel is sneon in 18-jierrige autobestjoerder fan Gersleat om it libben kommen by in ûngelok. Dat hat de plysje Fryslân bekend makke. De man rekke mei syn auto yn de berm en bedarre letter tsjin in beam oan de linkerkant fan 'e dyk.
De man wie op slach dea. De brânwacht waard ynskeakele om it slachtoffer út syn auto te krijen. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.