PvdA-kopstikken lûke mar ien lid
Mar ien Frysk PvdA-lid naam sneon yn Ljouwert de muoite om yn 'e kunde te kommen mei twa kandidaat-foarsitters fan de partij. De Europarlemintariërs Annemarie Goedmakers en Michiel van Hulten binne op toernee om de leden te fertellen wêr't se foar steane.
It PvdA-gewest Fryslân woe net meiwurkje oan it bekend meitsjen fan 'e byienkomst fan 'e kandidaten. Neffens Michiel van Hulten is dat ien fan 'e oarsaken fan 'e lege opkomst.
Trefwurden:
argyf